Rêstich pinksterwykein? Net foar dizze camperbestjoerder

18 maaie 2018 - 22:40

Dat in rêstich pinksterwykein ek hiel oars begjinne kin, fernaam de bestjoerder fan in camper freedtejûn. Yn de tunnel oan de Rydwei tusken De Pein en De Rottefalle kaam de camper fêst te sitten. De bestjoerder besocht noch troch te riden, mei as gefolch dat de auto úteinlik sa fêst as in hûs siet. Twa bergers hawwe de camper achterút de tunnel út lutsen.

Trefwurden: 
camper fêst tunnel
(advertinsje)
(advertinsje)