Tal wenningynbraken yn Noardeast-Fryslân flink omheech gien

18 maaie 2018 - 22:17

It tal wenningynbraken yn Noardeast-Fryslân is de ôfrûne moannen flink omheech gien. Dat meldt de plysje op basis fan sifers. De taname is opfallend, omdat yn de rest fan de provinsje, en ek lanlik, it tal ynbraken ôfnimt. De plysje yn Noardeast-Fryslân ropt ynwenners dan ek op om maatregels te nimmen om in ynbraak foar te kommen. Dêrby giet it benammen om goede slotten.

De sifers

De ôfrûne fiif jier naam it tal ynbraken yn it noardeasten fan de provinsje ôf. Yn 2016 waard by de plysje 137 kear melding dien fan ynbraak. Ferline jier wiene dat der 113. Yn de earste fjouwer moanne fan dit jier krige de plysje mar leafst 57 oanjeftes fan ynbraak. Dat is in groei fan 30 prosint yn fergelyk mei deselde perioade in jier lyn.

Hoe kin dat?

De plysje tinkt dat de taname foar in part feroarsake wurdt troch ynbrekkers dy't sels ek yn Noardeast-Fryslân wenje. Dêrom sil der faker surveillearre wurde yn de regio.

(advertinsje)