Drachtster Boys wint fan Pernis en twingt beslissingsduel ôf

18 maaie 2018 - 22:13

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe der freedtejûn foar soarge dat der in tredde wedstriid oan te pas komme moat om te beslissen wa't lânskampioen wurdt. Thús wie de ploech fan trainer Symen Abe Hoekstra yn de twadde wedstriid mei 3-1 te sterk foar Pernis. De earste wedstriid gie nei it team út Súd-Hollân (4-2), wêrtroch't de beslissing folgjende wike yn Drachten falt.

Drachtster Boys kaam freed yn de eigen sporthal nei njoggen minuten spyljen op efterstân troch in eigen doelpunt fan oanfierdster Jessie Prijs. Krekt foar it skoft sette Esther van Toledo beide ploegen wer op likense hichte.

Dreamstart

Drachtster Boys bûgde de stân yn it begjin fan de twadde helte binnen twa minuten om. Anita Vellema sette de thúsklup op foarsprong en even letter makke Prijs har eigen goal goed troch de 3-1 te meitsjen. In dreamstart foar Drachtster Boys, dy't dy foarsprong net mear út hannen joech.

De finale is freed om 20.30 oere yn de sporthal yn Drachten.

(advertinsje)
(advertinsje)