Foarljochting oer seehûnen foar besikers fan Waadeilannen

18 maaie 2018 - 21:51

Besikers fan de Waadeilannen krije tenei in filmke op de fearboaten te sjen, wêryn't se ferteld wurdt hoe't se omgean moatte mei seehûnepuppen.

'Maak van een gezonde pup geen wees'

It filmke is ûnderdiel fan de foarljochtingskampanje 'Maak van een gezonde pup geen wees'. De kampanje is opset troch de Waadferiening en de Nederlânske seehûnesintra. It fersteuren fan seehûnen kin grutte gefolgen hawwe foar de puppen. Benammen yn dizze perioade fan it jier hawwe de bisten in soad rêst nedich om harren jongen grut te bringen.

Meinimme? Nee, efkes wachtsje!

It bart noch faak dat minsken seehûnepups meinimme wannear't se allinnich binne. As de mem op fisk jaget, is it jong allinnich. De puppen meitsje dan in kleiend lûd, wêrtroch't in hiel soad minsken tinke dat it jong ferstjitten is troch de mem. Yn it filmke wurdt útlein dat minsken efkes wachtsje moatte oant de mem werom komt. Genôch ôfstân bewarje is yn dat gefal it bêste.

(advertinsje)
(advertinsje)