Súdwest-Fryslân hat flinke kosten oan ûnderhâld fonteinen

Súdwest-Fryslân is mei seis stêden de gemeente mei de measte fonteinen, dy't skonken binne fanút it Kulturele Haadstêd-projekt 11Fountains. Wethâlder Stella van Gent is der mar wat grutsk op. Tagelikertiid foarmje de fonteinen wol in flinke kostepost yn de gemeentebegrutting. Elk jier is de gemeente 10.000 de fontein kwyt oan ûnderhâldskosten. En de fonteinen steane der dochs wol sa'n 20 jier, ferwachtet Van Gent oan. "We hebben dit financiële punt besproken in de gemeenteraad en dat was nog best spannend", jout se ta. "Maar we kregen uiteindelijk een akkoord."
Hoe lang oft de gemeente krekt de ûnderhâldskosten fan de fonteinen foar har rekken nimme sil, is noch net dúdlik. Van Gent hopet yn elk gefal dat de keunstwurken harsels werombetelje yn de foarm fan mear toeristen út binnen- en bûtenlân dy't nei Súdwest-Fryslân komme om de fonteinen te besjen.