Froulju SC Hearrenfean geane hurd ûnderút yn Amsterdam

18 maaie 2018 - 21:38

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat freedtejûn yn de kampioenspûl mei dúdlike sifers ferlern fan Ajax. Yn Amsterdam gie de ploech fan trainer Roeland ten Berge mei 3-0 ûnderút.

De spylsters fan Hearrenfean en Ajax sochten mei in rêststân fan 0-0 de klaaikeamers op. Nei in kertier spyljen yn de twadde helte kaam Hearrenfean op efterstân troch in doelpunt fan Kelly Zeeman. Tweintich minuten foar it ein makke Desiree van Lunteren der 2-0 fan. In pear minuten letter skoarde Marjolijn van den Bighelaar de tredde Amsterdamske goal fan de jûn.

(advertinsje)