Minder fee moat foar rikere natuer soargje op Skiermûntseach

19 maaie 2018 - 07:01

Boeren op Skiermûntseach krimpe foar 2020 harren feesteapel mei 35 prosint yn. Dat is ien fan de ôfspraken dy't yn de oerienkomst stiet tusken sân boerebedriuwen op it eilân, de gemeente en Natuurmonumenten. Sneon wurdt dy troch harren ûndertekene.

Doel fan de oerienkomst is dat der minder yntinsyf buorke wurdt, sadat der in rikere natuer ûntstiet. Troch de lytsere feesteapel giet de stikstofútstjit flink omleech. Boppedat wurdt de lânboupolder oantrekliker foar blommen en greidefûgels.

Kwalitative streekprodukten

Om de boeren temjitte te kommen, sille de gemeente en Natuurmonumenten de bedriuwen stypje by it opsetten fan in suvelbuorkerij op it eilân. De boeren sille har rjochtsje op kwalitative streekprodukten, dy't foldogge oan de kritearia fan Albert Heijn.

Natuurmonumenten stelt boppedat in diel fan de kwelder foar in lege pachtpriis beskikber oan boeren om harren jongfee dêr te weidzjen.

Trefwurden: 
Skiermûntseach fee
(advertinsje)
(advertinsje)