Slachtoffers ûngelok Douna wurken by bedriuw út Gouda

18 maaie 2018 - 21:00

De twa deadlike slachtoffers fan it bedriuwsûngelok tongersdeitemiddei by masinefabryk Douna yn Ljouwert wiene wurknimmers fan Mokveld Valves BV út Gouda. Dat hat advokaat Bart Korvemaker witte litten. Hy is wurdfierder foar beide bedriuwen.

Mokveld Valves BV is spesjalisearre yn de oandriuwing fan kleppesystemen yn de gas- en oaljeyndustry. De beide slachtoffers wiene by Douna om in opstelling te testen. Dêrby is wat mis gien. Mear koe Korvemaker noch net oer it ûngelok sizze.

(advertinsje)
(advertinsje)