Ek ING-banen Ljouwert fuort

03 nov 2011 - 10:10

By ING yn Ljouwert ferdwine 120 banen ferwachtet fakbûn CNV Dienstenbond. Hjoed waard bekend dat de bank lanlik 2700 banen skrasse wol. It giet dan net om de minsken achter de baly yn de ING festigingen, mar mear om minsken dy't wurk dogge dat minder sichtber is, lykas administratyf wurk of ICT. De ING is mei 2300 wurknimmers in grutte wurkjouwer yn Ljouwert. Net al dy minsken ha in fêste baan; in soad ha in tydlik kontrakt of wurde middels útstjoerburo's ynhierd.

Trefwurden: 
Ljouwert ING banen
(advertinsje)