Tennisser Arends earste Fries by senioaren Roland Garros

Sander Arends © www.orange-pictures.nl
Der stiet dit jier by Roland Garros in Fries op de tennisbaan. Sander Arends út Ljouwert hat him pleatst foar it grandslamtoernoai yn Parys. Dit hat er te tankjen oan syn plak op de wrâldranglist. Arends is op it stuit de nûmer 65 fan de wrâld. De Ljouwerter foarmet mei Adil Shamasdin út Kanada in koppel yn Parys.
Arends wie al de earste Fries dy't op Wimbledon stie en mei no ek syn opwachting meitsje op it Frânske gravel. It toernoai yn Parys begjint op 21 maaie.
Gjin finale yn Portugal
Der wie ek minder goed nijs foar Arends freed. Yn de heale finale fan it challengertoernoai yn Lissabon gie de Ljouwerter, tegearre mei Shamasdin, ûnderút. De Poal Tomasz Bednarek en Hunter Reese út Amearika wiene yn trije sets te sterk foar Arends en Shamasdin (4-6, 6-2, 8-10).
Antal van der Duim
Yn 2005 stie der ek al in Fries op Roland Garros, mar by de junioaren. De doe 17-jierrige Antal van der Duim fan Finkegea berikte de finale fan it toernoai, mar ferlear dy kânsleas yn 6-3 en 6-1 fan de Kroaat Marin Cilic.