FIDEO: Dit binne de alve fonteinen yn de alve Fryske stêden

Fier foar de offisjele iepening wiene se al in soad yn it nijs: de alve fonteinen yn de alve Fryske stêden. Freed wie it safier en is it LF2018-projekt 11Fountains offisjeel iepene. De fonteinen binne ûntwurpen troch keunstners fan oer de hiele wrâld.
Live op telefyzje stelden de keunstners harren eigen fontein foar it earst yn wurking. Tuskentroch waarden der bylden sjen litten dy't it publyk fan stêd nei stêd begelieden. Fan Ljouwert nei Dokkum, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Warkum, Hylpen, Starum, Sleat, Drylts en Snits.