Nederlân, Dútslân en Denemarken ûndertekenje 'Waadferdrach'

18 maaie 2018 - 19:07

De miljeu- en natuerministers fan Nederlân, Dútslân en Denemarken hawwe freedtemiddei it Ferdrach fan Ljouwert ûndertekene. Dit ferdrach is opsteld om it Waadgebiet better te beskermjen.

De trije lannen sille mei-inoar ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan de klimaatferoaring foar it Waad. Ek sille de lannen besykje om de trekfûgels mear romte te jaan troch mear gebieten oan te wizen dêr't de fûgels briede kinne. Ek sil der sjoen wurde wat der dien wurde kin oan it tebekrinnen fan it oantal fisksoarten yn it Waadsee.

Plestik

Der komt ek stipe oan projekten om wat te dwaan oan it foarkommen fan plestik yn it Waadgebiet. De Dútske miljeuminister Svenja Schulze wol har dêr de kommende jierren foar ynspanne. Schulze naam yn Ljouwert it foarsittersstokje fan de Waadministers oer fan har Nederlânske kollega Carola Schouten.

Waadbelibbingssintrum

Schulze is belutsen by de oprjochting fan in Waadbelibbingssintrum yn Wilhelmshaven, dat útgroeie moat ta in kennissintrum yn it sintrum fan it Waadgebiet. Doel is dat de folgjende regearingskonferinsje oer it Waad yn it jier 2022 yn Wilhelmshaven is.

Basisskoalbern yn aksje

Bern fan trije Next Levelbasisskoallen op Skylge fine dat der tefolle plestik yn de Waadsee sit en dat dat oars moat. Dêrom hawwe se de ôfrûne wiken plestik ôffal sammele en dêr klean fan makke. Dizze keunstwurken hawwe se freed op de Waadkonferinsje sjen litten oan de miljeu- en natuerministers.

De bern fan Skylge jouwe it stokje troch oan bern op oare skoallen yn Fryslân, dy't mei it plestik sop-projekt fierder geane.

(advertinsje)