SC Cambuur lûkt ferdigener oan en leit spits langer fêst

18 maaie 2018 - 18:07

SC Cambuur hat freedtemiddei Emannuel Mbende fêstlein. De 22-jierrige sintrale ferdigener sette syn hantekening ûnder in kontrakt foar ien seizoen, mei in opsje foar noch in seizoen. De nije oanwinst moat noch wol medysk keurd wurde.

Mbende waard berne yn Kamerûn, mar beskikt ek oer de Dútske nasjonaliteit. De mandekker spile dêr yn de jeugdoplieding fan Borussia Dortmund en kaam as lêst út foar Chemnitzer FC.

Technysk manager Foeke Booy is bliid mei de komst fan Mbende. "Hij is hier op stage geweest en heeft toen een zeer goede indruk achtergelaten. Bij Dortmund heeft hij een gedegen opleiding gehad en met zijn fysieke kracht en winnaarsmentaliteit is hij een waardevolle toevoeging voor onze achterste linie."

Rossi tekenet by

Njonken it oanlûken fan Mbende hie Cambuur noch mear spilersnijs. Spits Karim Rossi spilet ek takom seizoen yn it shirt fan de Ljouwerters.

"Helaas heeft hij dit seizoen niet veel kunnen spelen", sei Booy oer Rossi, "maar in de wedstrijden dat hij er bij was heeft iedereen kunnen zien wat zijn kwaliteiten zijn. Met zijn drive, kracht en scorend vermogen kan hij het verschil maken."

(advertinsje)