FIDEO: 230 kilometer lang drave by de Alvestêde Ultrarin

18 maaie 2018 - 17:56

Yn Boalsert giet sneon de tredde edysje fan de Alvestêde Ultraloop fan start. De dielnimmers drave en kuierje 230 kilometer efterinoar. Dit jier binne der 39 dielnimmers en sy moatte yn alle gefallen binnen 32 oeren oer de finish komme, de fluchsten dogge dat binnen 24 oeren.

Julius van der Werf út Ljouwert draaft ek mei. Hy hat al in pear lange runs achter syn namme stean, mar sa lang as de Alvestêde Ultrarin hat hy noch net dien. Yn april makke Omrop Fryslân in portret fan de Ljouwerter ultrarinner.

It is in ynternasjonaal dielnimmersfjild dat yn Boalsert oan de start ferskynt, mei dravers út ûnder oare België, Nederlân, Frankryk, Dútslân, Sweden en Japan. Neist Van der Werf komme der noch fiif dielnimmers út Fryslân, en sels in Fries om utens út Hongkong. De hurdrinners binne de hiele tocht te folgjen fia GPS.

De finish fan de Alvestêde Ultraloop is ek wer yn Boalsert. Underweis binne der trije strange tiidskontrôles. Wa't net op tiid trochkomt, moat syn startnûmer ynleverje.

(advertinsje)