Súdwest-Fryslân ynvestearret tonnen yn sportmaterialen

18 maaie 2018 - 17:09

De gemeente Súdwest-Fryslân lûkt 368.000 euro út foar ûnderhâld en ferfanging fan materiaal yn tritich gymsealen, sporthallen, doarpshuzen en multyfunksjonele sintra. In soad materialen lykas klimtouwen, kuorbalpeallen, turnmatten en trampolines binne ferâldere of sels ôfkard.

Troch dy minne materialen kinne masters en juffers gjin goede gymlessen mear jaan, wylst de gemeente wetlik ferplichte is dat mooglik te meitsjen. Dit jier giet it om in bedrach fan 169.000 euro. Takom jier is der nochris 199.000 euro nedich om it materiaal oeral wer yn oarder te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)