IepenUP vlog: Salah út Syrië wol graach de taal leare

19 maaie 2018 - 20:01

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte fan sneon ôf sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP. 

Yn de earste vlog set de 20-jierrige Salah Aldin Alaubi alles op alles om as nijkommer út Syrië de taal flugger te learen. Omdat er net sa goed Nederlânsk praat, kin Salah mar dreech oan in staazjeplak komme. Mar hy hat in plan en siket help hegerop. Earst giet er mei kollega vlogger Marianne Klijnstra de strjitte op yn De Harkema om sjen te litten wat in goeie behearsking fan de taal dwaan kin.

Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

Trefwurden: 
IepenUP vlog vloggers LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)