'Waadfûns moat elk jier tsien miljoen ekstra ynvestearje'

18 maaie 2018 - 16:34

De Steatefraksje fan de FNP fynt dat it Waadfûns alle jierren tsien miljoen euro mear yn projekten ynvestearje moat. Wannear't dat net bart, moat der nei 2026 jild werom nei it Ryk.

Der sit op it stuit mear as hûndert miljoen euro yn it Waadfûns en it Ryk docht dêr alle jierren miljoenen by. It Waadfûns jout de kommende jierren net mear út en dat soe betsjutte kinne dat de miljoenen dy't oerbliuwe weromjûn wurde moatte. Neffens de FNP binne der genôch projekten dêr't it jild ynstutsen wurde kin.

Nijsgjirrige projekten

Neffens de FNP binne der op dit stuit tal fan nijsgjirrige, ynhâldlike en kwalitatyf goede projekten dy't op de planke lizze. Lykwols, troch ôfstimmen en prosedueres, duorret it frij lang foardat dêr oan begûn wurde kin.

Dêrtroch wurde projekten útsteld en wurdt it jild dat dêrmei anneks is ek letter útjûn. Boppedat binne guon projekten goedkeaper as rûsd is of gean projekten hielendal net troch, wêrtroch't in enoarme reserve ûntstien is.

Ekonomy en ekology

Om foar te kommen dat it jild wer nei de skatkiste fan it Ryk giet, sil de FNP takom woansdei yn de Steaten mei in amendemint komme. Doel is om it ynvestearringsnivo mei sawat tsien miljoen jiers omheech te bringen, sadat der oant en mei 2026 jierliks fjirtich miljoen beskikber is foar projekten.

In goede saak, neffens FNP-Steatelid Sybren Posthumus. "Dat is goed foar de ekonomy en ekology yn ús regio. Wurkgelegenheid, natuer en miljeu hawwe allegear belang by de ynvestearringen fan it Waadfûns."

(advertinsje)
(advertinsje)