Man út Suwâld mei drugslab yn pleats is wer op frije fuotten

18 maaie 2018 - 15:37

De man út Suwâld dy't yn desimber ferline jier oanholden is yn ferbân mei it oprôle drugslab yn syn pleats is foarearst wer op frije fuotten. Wol moat de man him oan twa betingsten hâlde. Hy mei gjin kontakt opnimme mei de oare fertochten en moat him melde wannear't de plysje him opropt om heard te wurden.

It is noch net bekend wannear't de rjochtsaak plakfine sil. Neffens justysje moat der earst noch mear ûndersyk dien wurde. Njonken de man út Suwâld binne der yn dizze saak noch twa fertochten, ien út Assen en ien út Roden. Sy binne fjirtjin dagen lyn oppakt.

Trefwurden: 
drugslab Suwâld
(advertinsje)
(advertinsje)