Omrop TIP: Folgje de Fytsalvestêdetocht

21 maaie 2018 - 04:58

Op 21 maaie is it de dei dat tûzenen fanatike fytsters fan stêd nei stêd fytse. Moarns om 5.00 oere begjint dan de Fytsalvestêdetocht en Omrop Fryslân is der fansels by! Op radio, telefyzje en online binne de fytsers de hiele dei te folgjen yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert.

Fan 8.00 oere ôf docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei, middeis sjocht Omrop Fryslân by de stimpelpost yn Aldemardum. Fierder is de ridende ferslachjouwer Timo Jepkema op 'en paad om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan.

Op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app binne de hiele dei live bylden te sjen fan de fytsers. Elkenien kin op pinkstermoandei berjocht ynstjoere fia de Omrop-app. De ynstjoerde berjochten komme foarby op telefyzje.

Omrop Fytsbân

Nij dit jier is it Omrop Fytsbân-buske! De fytsers dy 't technysk mankeminten hawwe wurde by de tocht der tochten holpen troch it Omrop Fytsbân-team en soargje dat der mei in gerêst hert wer fierder fytst wurde kin. Dêrneist is it Omrop Fryslân promoasjeteam yn de ferskate stêden te finen om echte Omrop-fytsbellen út te dielen.

Waarm ûnthaal

Fan 18.20 oere ôf sjocht presintator Roelof Lousma by de finish hoe't de fytsers oankomme yn Boalsert en hoe't it mei harren steld is. Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.
 

(advertinsje)
(advertinsje)