Provinsje stekt 15.000 euro yn moetingspark Koudum

18 maaie 2018 - 14:37

Foar it projekt 'Oldeferd Ontmoetingspark' krijt Doarpsbelangen Koudum 15.000 euro út it provinsjale Iepen Mienskipsfûns. Fan it besteande park wurdt in moetingsplak foar jong en âld makke. It projekt kostet mei-inoar goed 58.000 euro. Op meardere plakken yn it park is tenei wat te dwaan, lykas sporte. Elkoar moetsje stiet sintraal.

It is ien fan de 39 projekten yn de regio Súdwest-Fryslân, dy't subsydzje krije út it Iepen Mienskipsfûns. De projekten soargje mei-inoar foar in ynvestearring fan goed 2 miljoen euro yn de leefberens yn de regio. Dit jier kinne ynwenners fan Fryslân noch op twa mominten subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienkipsfûns. It moat wol gean om in inisjatyf foar it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of stêd.

(advertinsje)