"Moeke hat oek in doekje op ut hoofd, dêr is niks mis met!"

18 maaie 2018 - 13:50

Ynienen wie dizze wike de diskusje oer holdoekjes werom. Oanlieding wie it beslút fan de Ljouwerter parfumerysaak Douglas om in meiwurkster dy't in holdoek drage woe, fan de winkel nei it magazyn te ferbannen. "Skandalich! Yn ien wurd skandalich!", wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk. Mar ek: "Misken moatte har oanpasse by hoe't it hjir giet." En: "Douglas betellet it salaris en mei dus ek bepale hoe't it winkelpersoniel der by rint." 

In moslima fertelde dat se by Albert Heijn wurke hie en dat it it dragen fan in holdoek dêr gjin punt wie. Dat it by Douglas wol spilet fynt se "jammer en verdrietig". En dan wie der ek noch in Ljouwerter dy't net folle snapte fan alle opskuor: "Myn moeke hat oek altyd in doekje op ut hoofd, dêr is niks mis met!"

Trefwurden: 
freedsmerk holdoek
(advertinsje)
(advertinsje)