Boalserter wurdt agressyf tsjin plysje nei rûzje mei broer

© ANP
De plysje yn Ljouwert moast tongersdeitejûn yn aksje komme by in rûzje tusken twa broers. De beide manlju hiene spul krigen op strjitte yn De Gealanden. Doe't de plysje de situaasje delbêde woe, waard ien fan de broers agressyf en fleach er in plysjeman oan. De 24-jierrige Boalserter misledige de plysje en begûn te flybjen en te skoppen. Mei muoite koe de plysje de man ûnder kontrôle krije.
De Boalserter is ynsletten foar fierder ûndersyk. Fanwege it gewelddiedige gedrach moat hy him foar de rjochter ferantwurdzje.