Kassaasjefersyk ynlutsen yn saak mysterieuze dea De Vrieze

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje giet net fierder yn kassaasje yn de saak oer de mooglike moard op Michael de Vrieze út Boerum. De Fryske skaker ferdwûn spoarleas yn april 2010. Syn húsgenoat, de no 40-jierrige Cafer G., waard oanhâlden en feroardiele ta 10 jier sel. Mar yn heger berop waard er ôfrûne desimber troch it gerjochtshôf frijsprutsen. Hjirop gie it Iepenbier Ministearje yn kassaasje. It kassaasjefersyk wurdt no ynlutsen, omdat it IM gjin kânsen sjocht om tsjin de útspraak fan it hôf yn te gean.
No't de fertochte frijsprutsen wurdt, sil der in skeaproseduere opstart wurde, sa seit de advokaat fan Cafer G. De man hat fjouwer jier fêstsitten, wêrfan in jier yn Ruslân, en is syn bedriuw yn Turkije kwytrekke. Neffens syn advokaat wol G. wol dat der fierder ûndersyk dien wurdt nei in mooglike dieder. "Zolang de zaak niet wordt opgelost, blijft altijd enige verdenking aan cliënt hangen. Hij ziet graag zijn naam gezuiverd", sa seit de riedsman.