Tsien ûnbekende brieven fan Mata Hari ûnder de hammer

© Fries Museum
Bubb Kuyper Veilingen yn Haarlem ferkeapet op 30 maaie tsien brieven fan Mata Hari. Se skreau dizze by de bûtenwrâld ûnbekende brieven oan de skilder en tekener Piet van der Hem. Se binne ynbrocht troch in neikommeling fan in advokaat dy't Van der Hem earder bystien hat. De advokaat soe de brieven krigen ha as fergoeding. Bubb Kuyper ferwachtet dat de brieven op syn minst 25.000 euro opbringe.
Relaasje
It wie bekend dat Mata Hari (Margaretha Geertruida Zelle út Ljouwert) en Piet van der Hem elkoar koene. De skilder portrettearre har in pear kear. Yn de brieven stean sinnen as 'Je t'embrasse et je t'aime" ('Ik omhels dy en ik hâld fan dy'). Der binne fierder gjin bewizen fan in romantyske relaasje tusken de twa.
Provinsjaal
De brieven gean oer fan alles en noch wat: oer de portretten, oer it dûnsjen, oer in misstap dy't Mata Hari dêrby makke troch in gat yn de flier en oer it Nederlânske publyk, dat neffens de dûnseres sa provinsjaal wie dat it alles fan bûten mar lilk fûn.