Drugs en stroomstjitwapen fûn yn Ljouwerter wenning

Ghb © ANP XTRA
Yn in wenning oan Achter de Hoven yn Ljouwert hat de plysje tongersdei amfetamine, GHB en in stroomstjitwapen oantroffen. De plysje wie in ûndersyk begûn nei oanlieding fan meardere klachten fan omwenners.
De drugs en it wapen binne yn beslach naam. De plysje hat in 38-jierrige fertochte oanholden. Dy sit fêst foar fierder ûndersyk.