Eksamenpraat #6: Hasto al fakânsjeplannen?

Foar de rubryk Eksamenpraat is Omrop Fryslân op paad troch de provinsje. De learlingen fan it fuortset ûnderwiis dogge goed twa wiken lang eksamen. Op de kristlike mavo De Saad yn Damwâld meitsje sy tiisdei it eksamen Frânsk. Guon fan 'e learlingen geane takom fakânsje fia de Route du Soleil nei Frankryk. Dêrom stelde Omrop Fryslân de fraach: hasto al fakânsjeplannen?