Ynternasjonale erkenning foar obesitas-sintrum MCL

18 maaie 2018 - 11:34

It Centrum Obesitas Noord Nederland fan sikehûs MCL yn Ljouwert hat ynternasjonale erkenning krigen. As it giet om operaasjes foar minsken dy't fierstente swier binne, mei it sintrum him no 'Centre of Excellence' neame. Dat betsjut dat it sikehûs op dit mêd oan de heechste easken foldocht. Undersyk wiist út dat nei 80 prosint fan de operaasjes by te swiere minsken binnen in heal jier it oergewicht mei de helte ôfnimt. Dit jier wurde yn it MCL 850 pasjinten operearre. Dat is in ferdûbeling yn fergeliking mei acht jier lyn.

Obesitas bringt grutte sûnensrisiko's mei him mei. Je moatte dan tinke oan sûkersykte, hege bloeddruk of in te heech golesterolgehalte. Bygelyks it lytser meitsjen fan de mage kin neffens in sjirurch fan it MCL it libben fan in obesitas-pasjint drastysk ferbetterje.

(advertinsje)