Nije rige IepenUP en Omrop Fryslân mei jonge Fryske vloggers

18 maaie 2018 - 16:09

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte fan sneon ôf sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog, fjirtjin wiken achterinoar. En yn it neijier noch in kear. De nijsgjirrige vloggers binne de ôfrûne wiken klearmakke mei bygelyks workshops en redaksjegearkomsten. Allegear ha se in eigen tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje.

De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP en sneon wurdt de earste publisearre. Yn oanrin nei de vlogs praten we mei Eline van Diggelen fan IepenUP en ien fan de vloggers, Wilke Kolthof út Ljouwert.

Wat kinne we de kommende wiken ferwachtsje?

Eline: "Alle vloggers hebben een eigen casus, iets waar ze zich druk om maken. Salah komt bijvoorbeeld uit Syrië. Hij zoekt naar meer praktijkmogelijkheden, om sneller de Friese taal te leren. Daarbij krijgt hij de hulp van een BN'er. Die vlog komt zaterdag. En Joyce bijvoorbeeld zet een crowdfundcampagne op, om kinderen naar de bioscoop te krijgen. Ze hoopt de kinderen mee te nemen naar Black Panther, om ze zo te laten zien dat superhelden niet alleen maar wit zijn."

De 26-jierrige Wilke wurket by de GGZ en kaam mei dy achtergrûn by syn ûnderwerp: "De ôfrûne jierren gie it by de gemeente en de soarchferlieners faak oer betize persoanen. Mar wat is in betize persoan no eins? Ik wenje yn it sintrum fan Ljouwert en sjoch se sels ek faak rinnen. Mar wat soenen se oars sjen wolle en hoe wolle sy wat feroarje? Wat betsjutte de helporganisaasjes no foar se en wat kinne wy, as mienskip, foar se betsjutte? Dêrby wol ik yn petear mei ynstellingen lykas de gemeente en helporganisaasjes as de GGZ, mar ek mei dy minsken sels."

Hoe binne de vloggers selektearre?

Eline: "Na de aanmeldingen van de vloggers hebben we direct gekeken: wie heeft er al een idee? IepenUP gaat over onder andere vrijheid en democratie. We willen daarom diversiteit in onderwerpen bij de vlogs, maar ook diversiteit qua achtergrond: een paar uit Leeuwarden, maar ook mensen ergens anders vandaan. En we willen verschillende ideeën over wat er moet veranderen."

Wilke hat him oanmeld as vlogger, om't er wat dwaan woe mei de dingen dêr't er yn syn wurk by de GGZ tsjinoan rint, mar ek omdat er wei is fan it meitsjen fan fideo's: "Sa kin ik in moaie komby meitsje fan in ûnderwerp dat my boeit yn de foarm dêr't ik graach mei dwaande bin. It is ek moai om yn in team te wurkjen en mekoar oan it tinken te setten."

Hoe binne de vloggers begelaat?

Eline: "Ze kregen bijvoorbeeld workshops van Ismail Ilgun, eerder bekend als de 'treitervlogger' en van Karel Smouter, die adjunct-hoofdredacteur van De Correspondent was. Ismail vertelde over zijn eigen werkwijze en deed een verhaal over zijn eigen ervaringen. Karel heeft de vloggers laten nadenken over een andere manier van vragen stellen, minder vooringenomen te zijn. En met hem hebben we nagedacht over hoe we journalistiek transparanter kunnen maken. Daarom streamen we nu onze redactievergaderingen live, zodat iedereen kan meekijken. Die redactievergaderingen doen we maandelijks met een deel van de vloggers. Ze helpen daarin ook elkaar om van een idee naar een daadwerkelijke vlog te komen. En alle vloggers worden begeleid door Janko Krist, bekend als programmamaker van onder andere Hea! en Man Bijt Hond. Hij denkt bijvoorbeeld met ze na over hoe ze het grappig kunnen maken, hoe ze er een eigen draai aan geven. Zelf probeer ik inhoudelijk mee te denken: wat werkt op beeld? Wie is ver genoeg om te gaan draaien?"

Wilke: "It is in hiel learsum trajekt. By ús oanmelding frege de organisaasje ús al wat we no feroarje woenen. Ein maart hienen we earst in trainingswykein en no dus dy redaksjegearkomsten. By de workshops giene we wer yn op wat we feroarje woene. Karel Smouter hie it yn syn workshop oer hoop en optimisme. En moatst konstruktyf wêze: kinst wol wat opmerke en dat feroarje wolle, mar hoe wolst it feroarje? Mei-inoar tinke we nei oer hoe't we de sjoggers te pakken krije kinne."

Hoe geane de vloggers te wurk?

Eline: "Dat varieert. Sommige vloggers doen al het filmwerk helemaal zelf, anderen hebben iemand mee om te filmen. Als je als vlogger iemand wilt interviewen, dan is het handiger dat er iemand meegaat die dat vast kan leggen."

Wilke: "Nei't ik myn idee hie, moast ik neitinke oer hoe't it derút komt te sjen, hokker persoanen ik sprekke moat. Moatst de juste persoanen sykje by dyn tema. En ik ha al in pear yn de holle, mar dan rinst ek tsjin grinzen oan. By de helporganisaasjes, faak offisjele ynstellingen, moatst earst tastimming ha, freegje oft se meiwurkje wolle. En soms wolle se betingsten stelle oan wat kin, bygelyks. It rauwe diel, it sprekken fan de saneamde 'betize persoanen', wol ik lykwols wol wat spontaner dwaan. Ik wol se op in willekeurich momint opsykje en dat kin mei in eigen kamera. Ik bin op it stuit mei Janko wat oan it neitinken oer de útwurking. Hooplik krij ik dizze wike noch tastimming fan de soarchynstellingen, dan kin ik sa gau as mooglik begjinne mei it filmjen."

Nei it filmjen is it noch net direkt klear fansels. Hoe komst úteinlik ta in moaie vlog?

Eline: "Janko verzamelt alle video's van de vloggers en kijkt dan samen met de vloggers verder. Hij doet ook de montage van de uiteindelijke vlog, maar de vloggers kijken wel een dagdeel mee bij die montage en kunnen dan ook meedenken, bijvoorbeeld over de muziekkeuze. Na de edit zijn de vlogs klaar om online te zetten."

Wêr kinne we de vlogs sjen?

Eline: "Iedere week komt er een nieuwe vlog online. Zaterdag om 20.00 is de eerste, die is van Salah, die dus wil weten hoe hij het snelst Fries kan leren. De vlogs komen op de Facebookpagina van IepenUP en op de kanalen van Omrop Fryslân. Het loopt veertien weken, met iedere zaterdag dus een andere vlogger. Deze eerste vlog is min of meer een aanzet in de zoektocht. Na de eerste veertien weken houden we een pauze en in september begint de tweede serie."

De earste vlog is sneon om 20.00 oere te sjen op omropfryslan.nl en de Facebookside fan IepenUP. Alle vloggers stelle harren ek alfêst foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

Trefwurden: 
IepenUP vlogge LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)