Ien ferwûne by auto-ûngelok op It Hearrenfean

18 maaie 2018 - 10:58

Op de splitsing fan de Uraniumwei mei de Rotstergaasterwei op It Hearrenfean hat earder freedtemoarn in oanriding west. In buske en in auto klapten dêr op elkoar, nei alle gedachten nei in foarrangsflater fan ien fan de bestjoerders. Ien fan har is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It buske en de auto hawwe flinke skea en binne fuortsleept.

(advertinsje)