Hûs yn Harns ferlotte foar bou histoarysk skip

18 maaie 2018 - 08:55

Yn Harns wurdt in grutte lotterij organisearre wêrby't de dielnimmers in hûs winne kinne. Inisjatyfnimmer fan de lotterij is de Stichting Expeditieschip Willem Barentsz. Mei it jild dat ophelle wurdt, kin de fierdere bou fan in histoaryske skip bekostige wurde. It giet om de replika fan it skip fan de Skylger seefarder Willem Barentsz, dat yn it jier 1596 nei Nova Zembla farde. It skip is hast klear en sil ein dit jier te wetter litten wurde.

De priis it lot is 96 euro. Njonken it wenhûs oan it Noordijs, kinne ek in auto, fytsen en in Sineeske rystafel wûn wurde. De lotterij set sneon om healwei sânen jûns útein. Op 6 oktober wurde de winners bekend makke.

Mear ynformaasje oer de lotterij is ynkoarten hjir te finen. 

(advertinsje)