Douglas past klaaiïngbelied oan om holdoek-ynsidint Ljouwert

18 maaie 2018 - 08:02

Parfumery Douglas sil har klaaiïngbelied oanpasse. Oanlieding is de argewaasje oer in meiwurkster mei in holdoek yn it Ljouwerter filiaal. Sy soe fanwegen har holdoek gjin klanten yn de winkel mear helpe meie en allinnich noch yn it magazyn ynset wurde. Neffens it klaaiïngsbelied fan Douglas is der gjin romte foar religieuze uteringen. Hjir kamen in soad lilke reaksjes op.

Kwetsend

Douglas skriuwt no yn in ferklearring dat se de opskuor betreurje en alle reaksjes tige serieus nimme. "Het is nooit onze bedoeling geweest om met ons kledingbeleid mensen te kwetsen. Onze winkels zijn er natuurlijk voor iedereen!" De parfumery jout oan dat it wol wat tiid nedich hat om it belied oan te passen. It is noch net bekend wat de oanpassing fan it klaaiïngbelied krekt ynhâldt.
 

Trefwurden: 
Douglas holdoek
(advertinsje)