Kollum: "Braindrain"

18 maaie 2018 - 07:24

"Doe't ik foar it earst de term 'braindrain' hearde, wist ik net wat dat wie. In sjirurgyske hanneling of sa? Mar it betsjut dus dat 'heech' oplate minsken út eigen lân of provinsje ôfsette en op in oar plak wurk sykje. It bart ek yn Fryslân en it stie lêst noch yn 'e krante. It gong oer de pabo en dat der te min studinten binne. Dêr komt by dat der ek nochris in 'braindrain' is nei plakken bûten ús provinsje.

Dat is net bêst en it soe betsjutte dat de minder tûke studinten dus yn Fryslân bliuwe. Sa besjoen binne of wurde alle minsken dy't hjir oerbliuwe sa dom as it achterein fan in ko. Earlik sein wit ik net iens wêrom't it achterein fan in ko dom is dus myn brain draint net sa fier fuort, bin 'k bang. Ik soe wol fertrekke kinne yn ferbân mei in 'rain brain', mar dat hat mei it waar te krijen en op 't heden giet it bêst.

'Breen dreen', sil immen út 'e Wâlden wol sizze mar dêr wenje dan ek in moai swikje nuvere praters. Wat al dy breenen der dêr wol net útdreene is my betiden in riedsel. Mar wâldpiken, fiel jimme foaral net oansprutsen want de measte harsens dy't hjir noch wenje, kreakje skynber al lang net mear en yn Warten wenje ek allinnich mar aparten.

Dus dan falt it op 't lêst net mear sa op, fansels. Komst der wer achter as it yn 'e krante stiet of immen mei in stik ferstân as in fette speklap der oer begjint. Dan bliuwst echt mei sa'n gefoel sitten datst wol gek bist datst hjir noch wennest en dan woest wol dat dyn brain wat meer kapasiteit hie. Mar ast mazzel hast, bist sels te achterlik om dêr oer nei te tinken.

Op it ynternet is in artikel te finen mei as kop; 'Holt braindrain Friese economie en beschaving uit?' Der stiet ûnder oaren yn dat âlden mei in heech IQ tûke bern krije en tûke minsken gemiddeld minder bern krije as domme minsken. Dus dan binne wy mei fjouwer bern seker net de snoadsten. Dat begruttet my foar ús bern omdat dy by de start al in moai ein achter rûnen en it ûnderwiis docht ek al gjin fertuten mear.

Yn it stik stiet ek dat djip-Friezen wat kommunikaasjefeardichheden oanbelanget, wol faak yn 'e (b)oertiid libjen bleaun binne en wannear't je al in spontaan normaal petear begjinne kinne, dat 19 fan de 20 kear net yn it Frysk is. Miskien is it allegear wol hiel grappich bedoeld, hear en snap ik it gewoan net.

As allinnich de minste studinten fan de pabo hjir bliuwe en ús bern les jaan sille, dan wurdt it fansels noait wat omdat dy âlden ek al koekoek binne. Miskien moatte wy dan de tûkste studinten út oare plakken weihelje want oars binne alle brainen hjir aanst like leech as in kratsje bier nei it wykein. En der wurdt as safolle ferstân fersûpt, der bliuwt echt neat mear oer!

Dochs is der ien ding dat my wer opfalt as it oer soks giet... de minsken dy't sels fine dat se nochal yntelligint en breed ûntwikkele binne, ha faak ek hiel dom praat. En ik kin it witte, want ik wenje hjir al 47 jier dus ik bin in ekspert op dat gebiet. En no't we it dochs oer IQ ha... Ast it seist dan hearst 'Ik-U'. Mei oare wurden... ik en u, dêr draait it om. Lokkich begripe de measte Friezen dat dan noch wol en dêrom is myn brain hjir altyd noch presint."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)