Keatsferiening Dronryp fiert 125-jierrich jubileum

17 maaie 2018 - 23:07

Keatsferiening Sjirk de Wal yn Dronryp bestiet 125 jier. De Dronrypsters sille dat wite ek, want it doarp sil mar leafst 2,5 wike feestfiere oant en mei 3 juny mei as hichtepunt de ferneamde Rypster Merke. Dizze grutste doarpsmerke fan Fryslân mei sa'n tritich attraksjes duorret dit jier fanwege it jubileum fjouwer dagen yn plak fan trije. De festiviteiten begûnen tongersdei mei in resepsje yn de oanklaaide feesttinte. Op dy resepsje waard it earste eksimplaar fan it jubileumboek oerlange oan de foarsitters fan Sjirk de Wal en Doarpsbelang Dronryp.

Neffens foarsitter Lute Pen fan Sjirk de Wal is syn feriening ek nei 125 jier noch altiten 'tige fitaal'. Foarsitter Klaas Koopmans fan Doarpsbelang seit dat Sjirk de Wal it 'it hert fan Dronryp' is. Foarsitter Wigle Sinnema fan de KNKB neamde Sjirk de Wal 'in sterke keatsklup, mei in rike histoarje'.

(advertinsje)
(advertinsje)