Motortreffen by Holwert: 320 motors knalle de pier op

17 maaie 2018 - 21:46

Op it motortreffen op de pier by Holwert binne tongersdeitejûn mear as 320 motorriders ôf kaam. Dêrmei is it it grutste motortreffen fan Noard-Nederlân.

De moeting waard organisearre troch de Fryske Motor Riders. De FMR sprekt fan in sukses, nettsjinsteande de hurde wyn en de kjeld. Ferline jier kamen der sawat 150 motorriders op it Fryske treffen op de pier fan Holwert ôf. It treffen is echt bedoeld as moeting. Der binne gjin spesjale aktiviteiten.

Trefwurden: 
motortreffen Holwert
(advertinsje)