Personielskrapte basisûnderwiis nimt ta, ek yn Fryslân

18 maaie 2018 - 06:20

It tekoart oan ûnderwiispersoniel yn it basisûnderwiis wurdt yn in rap tempo grutter, ek yn Fryslân. Yn de earste trije moanne fan dit jier is it tal fakatueres yn fergelyk mei in jier earder lanlik mei mear as in tredde tanaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan beliedsadvysburo Ecorys. De ûndersikers hawwe de sifers fan de grutste fakatuerewebsiden en de  de fakatueres op de skoallen sels bestudearre.

Neffens de ûndersikers nimt de fraach nei ûnderwizers foar basisskoallen al goed oardel jier ta. Troch it tekoart oan geskikte kandidaten duorret it hieltyd langer foardat fakatueres ferfolle wurde kinne. Neffens it ûndersyksburo krije master en juffen tsjintwurdich gauwer in fêst tsjinstferbân oanbean, om harren sa dochs binnenhelje te kinnen.

Hoewol't de grutte tekoarten benammen yn de Rânestêd spylje, wurdt it ek foar Fryske skoalkoepels hieltyd dreger ûnderwizers te finen. Neffens bestjoerder Albert Helder fan Proloog slagget it de skoalkoepel oant no ta noch wol de fakatueres te ferfoljen, mar wurdt de krapte hieltyd grutter.

Trefwurden: 
basisûnderwiis krapte
(advertinsje)