Nije cao Arriva foar meiwurkers 'multymodaal ferfier'

De trein fan Arriva
Foar sa'n tûzen meiwurkers fan ferfierders Arriva en Keolis is in nije cao ôfsletten. It giet om minsken dy't wurkje yn it 'multymodaal' ferfier, it ferfier oer regionaal spoar, al of net yn kombinaasje mei busferfier. Se binne aktyf as treinmasinist, steward of bussjauffeur. De multymodaal-cao is in oare cao as dy foar it streekferfier. Dy jildt foar sa'n 12.000 minsken en is op it stuit ynset fan stakingsaksjes.
Neffens it fakbûn FNV krije de wurknimmers 'multymodaal' der mei yngong fan 1 jannewaris fan dit jier 2 persint lean by en mei yngong 1 april lêstlyn nochris 1 persint. Masinisten krije in taslach dy't oprint fan 3 euro de tsjinst yn 2018, nei 6 euro yn 2019 en 9 euro yn 2020.
By tweintich tsjinsten yn 'e moanne giet it om 180 euro ekstra ynkommen. Ek binne der regelingen foar 55-plussers.