Minister wol better behear Waadsee, foarstel nei Keamer

17 maaie 2018 - 20:27
  • Minister Carola Schouten
  • De Fryske kommissaris fan de Kening, Arno Brok
  • Harkje nei Carola_Schouten

Minister Carola Schouten fan Lânbou en Natuer sil noch dit jier in foarstel nei de Twadde Keamer stjoere foar it better regeljen fan it behear fan de Waadsee. De minister komt dêr freed oer oan it wurd op de ynternasjonale konferinsje oer Wrâlderfguod de Waadsee yn Ljouwert.

Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening hat de minister twa dagen ferlyn frege om ien sintrale behearder foar it Waadgebiet. Op dit stuit hâlde sa'n trettjin ynstânsjes harren dwaande mei it behear fan it Waadgebiet. Dat makket de gearwurking en it fieren fan in goed behear tige dreech.

Ferdrach fan Ljouwert

Minister Schouten liket Jacobi temjitte te kommen, mar is noch oan it ûndersykjen hoe't dy sintrale rezjy oer it Waad der krekt útsjen moat. Boppedat is it Waad net allinnich de ferantwurdlikens fan Nederlân, mar ek fan Dútslân en Denemarken. Schouten is bliid dat se yn Ljouwert direkt mei har kollega's Svenja Schulze fan Dútslân en Jakob Ellemann-Jensen fan Denemarken ôfspraken meitsje kin. Op de ministerskonferinsje oer de Waadsee wurdt freed it Ferdrach fan Ljouwert ûndertekene mei ôfspraken oer de kommende jierren, alteast as Nederlân, Dútslân en Denemarken it iens wurde.

Fierder ûndersyk nedich

Flak foar it begjin fan de ministerskonferinsje ferskynde it Wadden Sea Quality Status Report fan hûndert ynternasjonale wittenskippers. Neffens dat rapport giet it goed mei de seehûnen yn it Waadgebiet, mar min mei de fiskstân en de briedfûgels.

Minister Schouten nimt dy feiten serieus, mar fynt ek dat der fierder ûndersyk nedich is. "Als het slecht gaat met de trekvogels ligt dat niet alleen aan het Wad, maar er spelen ook andere zaken mee, zoals klimaatverandering. Dat moet je integraal bekijken."

De skriuwers fan it Status Report pleitsje ek foar mear ûndersyk. De minister is wol dúdlik oer har yntinsje foar it Waadgebiet: "Ik zou graag over een paar jaar willen constateren dat het weer de goede kant op gaat met de Waddenzee."

Trefwurden: 
Waadsee Carola Schouten
(advertinsje)