Skoallen mooglik ticht yn SWF

21 jun 2012 - 16:21

Yn Súdwest-Fryslân gean mooglik in tal kristlike skoallen ticht fanwege it weromrinnend tal learlingen. It giet ûnder oare om de skoallen fan Abbegea, Folsgeare en Easthim. Der wurdt besjoen oft der foar dy trije ien nije lokaasje komme kin. As dat net helber is, wurde de bern ûnderbrocht op skoallen yn Drylts en Nijlân.

Skoalle Mids de Marren yn De Gaastmar giet wol definityf ticht. De skoalle wurdt gearfoege mei dy yn Aldegea. Mids de Marren wie ien fan de earste skoallen dy't yn oanmerking kaam foar in ûntheffing fan it tal learlingen.

Omdat it der net nei útsjocht dat it tal learlingen de kommende jierren tanimme sil, sil de stichting foar protestantsk-kristlik ûnderwiis Palludara de skoalle yn De Gaastmer no mei yngong fan 2014 dochs slute.

(advertinsje)