Noardfriezen fytse nei Kulturele Haadstêd Ljouwert

Friezen út Nederlân en Dútslân fytse de kommende dagen mei-inoar fan Bräist/Bredstedt yn Noard-Fryslân yn Dútslân nei Ljouwert. De Noardfriezen neame it inisjatyf 'Tuhuupe Luupe'. De YnterFryske Ried organisearret it evenemint fanwege Kulturele Haadstêd. De fytstocht giet ûnder oare oer it eilân Helgolân yn de Noardsee, oer Aurich en Leer. Op pinkstersnein fytse de Nederlânske en Dútske Friezen fan Leer nei Ljouwert.
Underweis yn Fryslân is der omtinken foar de Fryske kultuer en foar projekten fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. It is de bedoeling om in jierlikse tradysje te meitsjen fan de fytstocht.