Iepening kulturele haadstêd-fonteinen op 'kletterdei'

17 maaie 2018 - 17:17
  • Splashing Day 11Fountains, mar net mear as 10 binne klear op 'kletterdei'
  • Deputearre Sietske Poepjes

Sil it wetter freed kletterje yn de Fryske alve stêden? Dan is nammentlik de offisjele iepening fan de fonteinen fan it LF2018-projekt 11Fountains. Allinnich de iisfontein fan Dokkum is noch net klear. Dy hat fertraging oprûn, om't de technyk yngewikkelder wie as yn 't foar tocht.

Spannend

It hat in spannend jier west. De provinsje hat in jier ferlyn de lieding fan it projekt fan de organisaasje Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd oernommen, om't dy finansjele problemen hie. Doe die bliken dat der noch hielendal gjin kontrakten sletten wiene oer de útfiering. "Gelokkich hawwe de provinsje en de belutsen gemeenten in soad ûnderfining mei ynfraprojekten. Dus is it goed kaam'', fertelt deputearre Sietske Poepjes. It wie allegearre krap. De measte fonteinen binne de lêste twa wiken pas ynstallearre. Yn Boalsert waarden by de oanlis fyftich skeletten fûn, wêrtroch't de oanlis fan de flearmûsfontein fertraging oprûn. De spuitynstallaasje moat noch oanlein wurde. By de iepening fan freed komt der in tydlike wetterfoarsjenning.

Krityk

Der hat in soad krityk west op de fontein. In soad minsken fregen harren ôf wêrom't Fryske keunstners de fonteinen net meitsje koene. "Vreemde ogen zien andere dingen'', sei projektlieder Anna Tilroe dêroer. It binne no keunstners út de wrâldtop dy't de fonteinen makke hawwe, lykas bygelyks Jaume Plensa út Spanje, dy't de mistfontein yn Ljouwert makke hat,  en Cornelia Parker, dy't de woeste liuwefontein yn Warkum makke hat. De fonteinen moatte in soad kultuertoeristen nei de Fryske alve stêden lokje.

Jild

Foar it projekt is 5,6 miljoen euro begrutte. Dêrfan komt 4,5 miljoen út de begrutting fan kulturele haadstêd, in ton út it Mondriaanfûns en 1 miljoen út sponsorjild. Fan 't hjerst komt de einôfrekken. Dan wurdt dúdlik oft se binnen budzjet bleaun binne. It soe wolris heger útfalle kinne troch de fertraging yn Dokkum en de fynst fan de skeletten yn Boalsert. Fierders moatte de fonteinen ek ûnderhâlden wurde. Dêr wurdt in stichting foar oprjochte. Foar elke fontein wurdt troch de gemeente dêr't de fontein yn stiet, sa'n 10.000 euro yn in mienskiplike pot stoart dêr't it ûnderhâld fan dien wurdt. In djoere oangelegenheid foar Súdwest-Fryslân, want dy gemeente hat mar leafst seis LF2018-fonteinen.

Iepening

Tsien fonteinen wurde freed offisjeel iepene. Dy yn Dokkum dus net, mar Dokkum docht wol mei yn it iepeningsprogramma. Alle keunstners sille harren eigen fontein oansette. Se binne der hast allegearre, útsein Jaume Plensa en Cornelia Parker. De iepening is freed tusken 16 en 17 oere. De fonteinen gean achterelkoar oan. Dat wurdt dan yn byld brocht. Omrop Fryslân stjoert it freed live út op telefyzje en ynternet.

(advertinsje)