Tryater net nei Oerol, Wereldburgers bliuwe op Foarstreek

17 maaie 2018 - 16:46

Tryater reizget fan 't simmer net ôf nei it Oerolfestival op Skylge. It selskip soe dêr de foarstelling 'Wereldburgers van de Voorstreek' spylje, mar hat yn oerlis mei de organisaasje fan Oerol besletten om dat ek yn juny op de Foarstreek yn Ljouwert te dwaan. Dêr wurde op dit stuit ek al foarstellingen jûn. De strjitte wurdt as in better passende lokaasje sjoen, ek om't it útsjoch op de Foarstreek ûnderdiel fan it dekôr fan de foarstelling is.

De belangstelling foar de de foarstelling is grut. Alle kaartsjes binne al útferkocht. Kaartsjes foar de ekstra foarstellingen binne mei yngong fan freedtemoarn te krijen.

(advertinsje)