Twadde slachtoffer bedriuwsûngelok ek ferstoarn

© GinoPress
It twadde slachtoffer fan it bedriuwsûngelok fan tongersdeitemiddei by masinefabryk Douna yn Ljouwert is ek oan syn ferwûningen ferstoarn. Dat meldt de plysje.
By it ûngelok wiene twa minsken belutsen. Ien fan harren kaam op it plak sels om it libben. It twadde slachtoffer waard swierferwûne nei it sikehûs brocht. Dêr is er no ferstoarn.
Silinder
De arbeidsynspeksje meldt dat de slachtoffers rekke binne toch in silinder fan in drukparse. Dy soe knapt wêze. In wurdfierder fan de arbeidsynspeksje kin dêr op dit stuit fierders neat oer sizze. It ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok by it bedriuw yn Ljouwert is noch yn folle gong.