Radio Froskepôle: hast 20 jier muzyk yn alle streektalen

17 maaie 2018 - 17:14
  • Radio Froskepôle: hast 20 jier muzyk yn alle streektalen
  • Gurbe Douwstra

Nei hast 2500 útstjoerings komt der in ein oan Radio Froskepôle, it programma fan Omrop Fryslân mei muzyk yn streektalen. Inisjatyfnimmer en presintator Gurbe Douwstra giet mei pensjoen, hy hat dan hast 37 jier by Omrop Fryslân wurke. Tongersdei wurdt der live op radio feestlik ôfskied nommen fan it radioprogramma mei in útstjoering fol live muzyk. 

Radio Froskepôle is yn novimber 1999 ûntstien, sa fertelt Gurbe Douwstra: "It is eins op in frjemde manier begûn. Der wie noch in gat yn ús radioprogrammearing op sneontemiddei tusken 13.30 en 14.00. Doe ha we in radioprogramma betocht mei muzyk út Fryslân." De namme fan it programma is ôflaat fan it stik natuergebiet flak by it Omropgebou. "Wy wiene krekt mei de Omrop ferhuze fan de Nijstêd nei de Hemrik. Wy sochten in Fryske namme en it natuergebiet de Froskepôle leit hjir flakby. Sa binne we der op kaam".

Streektalen

Pas 12 jier letter, yn 2011 krige it programma de ynfolling dy't it no hat. Alle trochdewykse dagen tusken 18.00 en 19.00. Doe feroare ek de ynstek fan it programma. Gurbe neamt it Frisikana: "Ik woe in programma meitsje wêr't minsken nei lústerje kinne oan 'e ein fan de wurkdei. Alle hektyk efkes ferjitte en nei muzyk lústerje." Yn it programma krije foaral countrymuzyk, folk en singer-songwriters in poadium.

Ek streektalen hat Gurbe heech yn it Froskepôle-findel. "Mar net allinnich streektalen út Fryslân, mar út it hiele lân. Fan Drinte oant Limboarch, oeral ha ik no streekartysten dy't ik ken." Dat is gelyk ek ien fan Gurbe syn moaiste oantinkens oan it programma. "Yn juny 2014 wie de 1500ste útstjoering fan Froskepôle. Dy ha ik presintearre mei kollega's Henk Scholte fan RTV Noord en Bert Kamping fan RTV Drinte. Alles stie yn teken fan streektaal. Dat wie sa moai." Freed is dan de 2484ste en lêste útstjoering.

Casa Ennema

Tenei sil op de tiid fan Radio Froskepôle presintator Harm Weistra te hearren wêze mei syn programma Weistra op wei, dat in oere langer wurdt. En dêrnei om 19.00 oere komt in nagelnij muzykprogramma: Casa Ennema. Mei as gasthear Eric Ennema. "Ik haw altyd al in passy hân foar Fryske muzyk en bin tige bliid mei dizze kâns om yn de grutte behoefte fan de harkers te foarsjen. Oft it no rock, pop of lústerferskes binne, it komt allegearre oan bod. Komt der in nij album út fan Elske DeWall, dan hearst dat fansels yn Casa Ennema. Boppedat biede we mei it programma ek in poadium foar nij talint." 

Neffens Eric Ennema is der mei Casa Ennema keazen foar in radioprogramma foar in breed publyk fan minsken dy't de Fryske muzyk in waarm hert tadrage. Neist muzyk draaie wol Eric ek de ferhalen derefter fertelle. "Ik fyn it wichtich om de muzykleafhawwer mei te nimmen yn de muzyk en ek de ferhalen dêr om hinne. Casa Ennema is fan tiisdei 22 maaie ôf alle wurkdagen tusken 19.00 en 20.00 oere te hearren.

(advertinsje)