LIVE: Ekstra oere Radio Froskepôle, Gurbe Douwstra ferrast

© Omrop Fryslân
Hy tocht sels yn lyts komitee in feestlik ôfskied te hâlden fan Radio Froskepôle, mei in pear kollegamuzikanten. Mar niiskrekt is presintator Gurbe Douwstra live 'oerfallen' yn syn radioprogramma troch omropkollega's en noch folle mear kollegamuzikanten. Mei as ferrassing in ekstra oere Radio Froskepôle mei in muzikaal ôfskied oan de man dy't nei hast 37 jier en hast 2500 Froskepôles ôfskied nimt fan Omrop Fryslân en syn harkers. Harkje no live mei.
Sa komme kollega's fan it Frysk Sjongers Gala del, sille muzikanten fan de foarstelling 'De brekbere sirkel' in liet bringe en trede de Troubadours op yn it ekstra oere. Gurbe Douwstra giet mei pensjoen en dêrmei komt der ek in ein oan Radio Froskepôle, in programma fol muzyk yn allerhande streektalen. Dizze spesjale Radio Froskepôle duorret oant 20.00 oere. Freed is de 2484ste en lêste útstjoering.