Gefolgen wetteroerlêst Museum Dr888 wurde stadichoan dúdlik

17 maaie 2018 - 15:57

De gefolgen fan de wetterskea dy't guon keunstwurken ferline jier yn it Museum Drachten oprûn hawwe, falle ta. Dat seit museumdirekteur Paulo Martina. Sa'n tritich keunstwurken moatte restaurearre wurde. Ien wurk mei in hege wearde hat grutte skea, wat ek in behoarlike weardefermindering betsjut.

De restauraasje fan de keunstwurken wurdt útfierd troch spesjalisearre bedriuw Helicon yn Zoeterwoude. Hoe heech oft de eksakte skea krekt is, is noch net bekend. It museum is fersekere foar wetterskea.

Yn juny ferline jier waard Drachten troffen troch in tige fûle reinbui. It jûch in protte wetteroerlêst, ek yn it museum. It slimste waard de kelder yn it museum troffen. It minste plak foar wetteroerlêst want krekt dy kelder tsjinne as depot foar ferskate keunststikken.

De gmeente Smellingerlân, dy't eigener is fan it gebou, sil dwaande mei it wetterticht meitsjen fan de kelder. Foardat dat wurk úteinsette kin, moatte der noch ferskate fergunningen komme.

(advertinsje)