FIDEO: Strjittekeningen Escherwurk offisjeel presintearre

De Eschertekeningen op strjitte yn Ljouwert binne tongersdeitemiddei offisjeel presintearre. De tekeningen binne makke troch de wrâldferneamde strjitkeunstner Leon Keer. Om trije oere middeis is de plechtichheid. Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum hâldt op it Ljouwerter treinstasjon in iepeningswurd en wethâlder Sjoerd Feitsma fertelt oer keunst yn de iepenbiere romte.
Op it NS-stasjon is ien fan de strjittekeningen fan in wurk fan Escher te sjen. Underweis fan it stasjon nei it museum binne dan de oare strjittekeningen te sjen.