Brânwachtwein út Kollum is ôflevere yn Roemenië

17 maaie 2018 - 14:25

De brânwachtwein fan de brânwacht fan Kollum is ôflevere yn de Roemenske gemeente Voinesti. De wein waard opwachte en fuortendaliks seine troch geastliken. De finansjele middels foar dizze auto binne ynsammele troch de Stichting hulpgoederen Roemenië út Garyp en Earnewâld. Brânwacht Kollum is frege om de auto kompleet yn te rjochtsjen en nei Roemenië te bringen.

De ôfrûne moannen is der troch de brânwacht út Kollum hurd wurke om de auto yn optimale kondysje ôf te leverjen. Hjirtroch is de auto net allinnich útrisse mei blusmateriaal, mar ek mei hydraulysk rêdark om minsken te befrijen út auto's by slimme ûngemakken.

(advertinsje)