Jonge krijt twa jier jeugddetinsje foar deastekken styfheit

In 17-jierrige jonge is troch de rjochtbank feroardiele ta twa jier jeugddetinsje foar it deastekken fan in 39-jierrige ynwenner fan Snits. It giet om de eardere styfheit fan de jonge. Dy waard desimber ferline jier troch de jonge delstutsen. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de jonge in slimme gedrachssteurnis hat en fermindere tarekkenber is.
Deaslach
De straf is flink heger as de fjirtjin moanne dy't easke waard, omdat de rjochter deaslach bewiisd fynt. De jongen sei op de sitting dat er hannele út selsferdigening. Neffens de rjochter sprekke de feiten dy ferklearring tsjin. Sa hie it slachtoffer in djippe stekwûne yn de side. Dat wiist derop dat mei krêft stutsen is, en net yn in fal, sa't de fertochte ferklearre op de sitting.
Tbs
Neffens de rjochter moat de jonge behannele wurde foar syn gedrachsproblemen. De kâns is grut dat er it noch in kear docht, sizze eksperts. Jeugd-tbs mei in behanneling is dan ek nedich, sa stelt de rjochter yn syn fûnis. It is noch net dúdlik oft de fertochte yn heger berop giet.
Kokaïne
Op 14 desimber 2017 gie it mis yn Snits. De fertochte hie spul krigen mei syn eardere styfheit, it 39-jierrige slachtoffer. Dy styfheit hie kokaïne fan de fertochte stellen. De 17-jierrige wie dêr sa lilk oer dat er ferhaal helle. It slachtoffer waard yn syn eigen wente opwachte troch de fertochte en in 16-jierrige freon. Doe't der in rûzje ûntstie, is it slachtoffer yn 'e side stutsen. Hy koe útnaaie en is op strjitte yninoar sakke. Dêr is er oan syn ferwûningen ferstoarn.