Rinrobot yn gebrûk naam

21 jun 2012 - 16:08

By Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach is tongersdei in rinrobot yn gebrûk naam. De saneamde lokomat kin minsken helpe wer rinnen te learen. Pasjinten hingje dan boppe in rinbân. De kompjûter soarget der dan foar dat de fuotten bewege. Pasjinten krije dan it gefoel fan bewegen werom en leare wer hoe te stappen. It is it fyfde rinapparaat yn Nederlân.

De rinrobot is betelle mei jeften fan fûnsen en mei jild út aksjes. De goed trije ton dy't it apparaat kostet, wie foar Revalidaasje Fryslân net op te bringen.

Pasjinten út hiel Noard-Nederlân kinne gebrûk meitsje fan de robot.

(advertinsje)
(advertinsje)