Fryske taksybedriuwen hawwe ferlet fan sjauffeurs

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn Fryslân is grut ferlet fan taksysjauffeurs. Om minsken te ynteressearjen foar in baan as taksysjauffeur holden it UWV en taksybedriuw Kijlstra yn Drachten tongersdeitemoarn in ynformaasjebyienkomst yn it haadkantoar fan it ferfierbedriuw yn Drachten. Der wiene mear as tritich belangstellenden. Se krigen in rûnlieding troch it bedriuw en ynformaasje oer it wurk.
De taksybrânsj hat noch hieltyd lêst fan in negatyf imago. Dat is neffens Theo Laan fan it UWV net terjochte, om't der de lêste tiid in soad yn it goede feroare is. Sa binne de leanen heger en de oanbestegingsprosedueren ferbettere.